Steaten ynfestearje yn de jongerein!
Bericht van onze interim-directeur Oeds Westerhof (eerder verschenen in de Leeuwarder Courant)
Meikoarten begjin ik as direkteur fan de Akademy foar Teater en Dûns yn Amsterdam. De akademy hat in soart ferskaat yn de ynstream. Ik hoopje dat dêr ek wer in moai soarte Fryske talinten by sitte. Dy kâns wurdt in stik lytser, bin ik bang, troch it foarnommen beslút fan de provinsje Fryslân om fan de trije talinte-opliedings mar ien te stipjen; Meeuw, jonge theatermakers út Ljouwert, en MUZT, muziekteäter út Snits, falle bûten de boat. Lit no krekt dy opliedings in wichtige springplanke wêze foar jongerein mei ambysje. By Meeuw en Muzt begjinne de dragers fan de kultuer yn Fryslân foar de takomst, de nije gesichten foar de Fryske poadia en films. De boaiem falt sa ûnder de profesjonele Fryske kultuermienskip wei.
De provinsje Fryslân hat in som jild beskikber steld foar kultuerynstellings. Foar it útjaan fan dit jild is in ramt skreaun. Ynstellings koene in berop dwaan op dat jild, se moasten dêrfoar in plan skriuwe. In kommisje ûnder lieding fan âld-minister Dennis Wiersma hat de plannen beoardiele oan de hân fan in stikmennich kriteria. Per kriterium wiene der punten te ferdielen en doe’t de punten opteld wiene, ûnstie der in oarder yn de oanfragen. Fan boppe nei ûnder krije ynstellings jild oan’t de saneamde seachline berikt wurdt, it punt dat it jild op is. Meeuw en Muzt sieten fuort ûnder dy seachline.
Je kinne krityk ha op it systeem, twifels ha oer de puntentelling of fraachtekens pleatse by de saakkundigens fan de kommisje, mar myn ûnderfining is dat dat meastentiids net terjochte is. Kommisjes dogge harren wurk yn de regel soarchfâldich, yn line mei it ramt dat se krigen. Sa as ik erfaren ha – ik wie twa kear direkteur fan in grut lânlik fûns en ik ha yn meardere kommisjes sitten – hat elk soarchfâldich proses altiten in pear útkomsten dy’t hiel ûngelokkich binne. Dat is by Meeuw en Muzt it gefal. En dan is it oan de polityk dat te korrizearjen.
Meeuw en Muzt ha in oare posysje, by har stiet just it learen fan sels spyljen sintraal. It giet om in learproses op it heechste nivo. Dêryn binne se unyk foar de provinsje Fryslân en hiel wichtich foar de takomst.
Meeuw en Muzt binne mearjierrige opliedings foar provinsjaal talint. Oan it ein fan jierren yntensive oplieding toane se it publyk wat se kinne. Dy foarstellings binne net in doel op harren sels, it giet om in learproses op it heechste nivo. Dêryn binne se unyk foar de provinsje Fryslân en hiel wichtich foar de takomst. Alle ynstellings dy’t jild krigen ha, hâlde harren yn trochsneed dwaande mei foarstellings en útstallings foar publyk. Opliede dogge se net! Meeuw en Muzt ha in oare posysje, by har stiet just it learen fan sels spyljen sintraal.
Dêrom doch ik in berop op de Provinsjale Steaten. Beslút yn in amindemint of moasje dat Meeuw en Muzt harren jild ek krije. Om’t se wichtich binne om in reden dy’t net yn it kader fan de kommisje stiet. Sa’n beslút is gjin motie van wantrouwen tsjin de deputearre, sa’n beslút is ek gjin motie van treurnis oer it wurk fan de kommisje. Meitsje in net te swier. It past de polityk in beslút te nimmen dat ôfwykt fan in kommisje-adfys as it effekt dêrfan negatyf útpakt foar it bestel as gehiel. Dat is no it gefal. Eins bart dit alle fjouwer jier by de lânlike subsydzjes. Tryater is sa ek alris rêden, omt der in belang wie foar it Frysk, dat doe ek net yn it kader stie. Dêrom rop ik de Steaten op – ek de partijen yn de koalysje – yn te gripen. It giet net om in slompe jild, mar foar de takomst fan ús kultuer is it in saak fan formaat.
Oeds Westerhof

Oeds Westerhof na afloop van de premiere van de MUZT musical 2025